File op N7 by Snits nei botsing tusken twa auto's
Twa auto's binne tongersdeitemoarn tsjininoar botst op de N7 by Snits. Dêrtroch ûntstie der om acht oere hinne in lange file op de oprit nei de N7 by de wyk Duinterpen.
De helptsjinsten wiene gau te plak. Beide bestjoerders en in hûn, dy't yn ien fan de auto's siet, kamen mei de skrik frij. De twa skansearre auto's binne troch in bergingsbedriuw ôffierd.