"Taalnota is earste stap nei mear Frysk yn gemeente Ljouwert"

Ljouwert hat de earste stap set nei mear Frysk yn de gemeente. Dat seit wethâlder Sjoerd Feitsma fan Ljouwert. Der is in nota, in saneamde taalferoardering, opsteld dy't liede moat ta it brûken fan mear Frysk yn de gemeente. Yn de gemeenteried waard dêr woansdeitejûn oer diskusjearre.
Fryske flagge © Omrop Fryslân
Neffens de Ried fan de Fryske Beweging stekt de gemeente Ljouwert te min jild yn de Fryske taal. It budzjet foar it Frysk soe fan sawat 40.000 euro weromgean nei 15.000 euro. De Ried is der ek min oer te sprekken dat by de gemeente de telefoan net opnommen wurdt yn it Frysk. Dat wie yn de âlde gemeenten Boarnsterhim, Littenseradiel en Ljouwerteradiel, dy't no diels by Ljouwert hearre, wol sa.
Wethâlder Sjoerd Feitsma oer it brûken fan it Frysk by de gemeente Ljouwert

Byinoar bringe

Yn Ljouwert is 25 prosint fan de ynwenners Frysktalich en yn bygelyks it eardere Littenseradiel 75 prosint. Mei de nije nota sil no besocht wurde dat byinoar te bringen, seit wethâlder Feitsma. "Tegearre mei de provinsje sil der mear oandacht komme foar meartaligens, en dus ek foar it Frysk yn it ûnderwiis."
By de tsjinstferliening sil de gemeente de minsken tenei ek yn it Frysk te wurd stean, as se dêr om freegje. "Mar it is net sa dat de telefoan ek automatysk yn it Frysk opnommen wurdt", sa seit Feitsma. "Wy fine dat we ús oanslute moatte by wat de mearderheid fan dizze gemeente sprekt en dat is it Nederlânsk."

Hûndert talen

Neist it Nederlânsk en it Frysk wurde der yn Ljouwert sa'n hûndert oare talen sprutsen en fansels it Stedsfrysk, it 'Liwwadders'.