Kollum: "Unbegryp"

"Ik doch wier myn bêst de wrâld te begripen, mar hoe mear ik soms lês hoe minder ik it soms begryp. Sa lies ik tiisdei yn 'e krante dat de finansjele topman fan ING opstapt is, nei oanlieding fan de beskuldigingen dat ING it wytwaskjen fan krimineel jild mooglik makke hat. ING hat foarige wike skikt mei justysje, foar 775 miljoen euro. It soe bard wêze tusken 2010 en 2016, of yn dy tiid yn alle gefallen mooglik makke wêze, trochdat ING harren systemen sa min op oarder hie dat kriminelen hûnderten miljoenen euro's wytwaskje koene.
© Omrop Fryslân
De Toan fan Botte Jellema
Ik fyn it grappich dat in bank in finansjele topman hat. Dochs in bytsje as oft in patatfabryk in haad patat hat. Mar goed, dizze man is 'offere', sa skreau NRC. Dêr moast ik wat langer oer neitinke. Want offerje, dat is hast in bibelske foarm fan skuldbewuste bekentenis. Mar skuld, dêr wol ING net echt oan. Ek al boazet de maatskiplike krityk hieltyd oan. Ik kin it ek net sa goed mear begripe.
Let wol, dit is dus de finansjele direkteur, dus net de algemien direkteur. De twadde man, sa te sizzen, en mynhear Ralph Hamers, de earste man, hat hiel skaplik ôfsjoen fan syn boanus. Dy boanus dêr't in heal jier lyn noch safolle oer te dwaan wie, om't dy nammentlik ûnbegryplik gigantysk wie.
It is in skikking, dus spitich genôch is it net kommen ta in rjochtsaak. Want dan hiene we miskien mear te witten kommen oer wat der no krekt bard is. Mar dêr hiene se by ING net safolle sin oan. NRC skriuwt dat justysje net ien binnen ING fine koe dy't strafrjochtlik ferfolge wurde koe. En no stiicht myn ûnbegryp wol ta in toppunt. Want stel dat it hjir net oer in bank gie, mar oer, sis mar wer, dat patatfabryk. En der wie wat misgien mei it tafersjoch op de ierappels: der binne wat klaaikluten troch it systeem kommen yn stee fan ierappels, en der binne pûden mei kreas kant snijde klaai ferkocht yn plak fan friten.
In moaie rotsoai, mar wa is de skuldige? De ierappelhannel is der al mei it jild fan troch. De sortearders binne it bedriuw út smiten, want der is in systeem kommen. De systeembehearder seit: ja, we ha in systeem makke nei de rjochtlinen fan de direksje. De direksje seit, ja, it systeem is net perfekt en we hiene mear sortearders ha moaten, mar ja, sorry, doei.
Myn punt is: wa oars as in direksje is ferantwurdlik foar wanbelied. En hoe kin it dat soks net trochkringt by de direksje fan ING. En hoe kin it dat justysje dan mar skikt. Ik bedoel: hoe kin in direkteur no net ferantwurdlik wêze?
En dan dat 'offer', it earste 'offer', de skikking fan 775 miljoen euro. In enoarm bedrach. Foar my. Foar elke harker tink ik en foar wa net? No, foar ING net. Dizze boete stiet gelyk oan de winst dy't se yn in wike of seis, sân meitsje. Yn it twadde fearnsjier fan 2018 wie de winst fan ING 1,4 miljard euro.
Of as we even sjogge nei de perioade fan 2010 oant 2016, wêryn't dizze wytwaskerij plak fûn hat, is de totale winst yn dy sân jier 25,5 miljard west. Yn in persintaazje dêrfan útdrukt wie dit in boete fan 3 prosint. Wat foar 'offer' is dat? En wat foar 'offer' is it opstappen fan sa'n twadde man? Wat foar oprotpreemje kriget dy mei? We ha it oer krimineel jild, net te ferjitten. Wat foar minsken binne dat by sa'n bank? Yn wat foar wrâld libje sy? En wêrom hat noch nimmen oproppen ta in komplete boykot fan ING? Sels ús eigen nasjonale oerheid bankierret dêr noch.
Unbegryplik foar my. Ik soe sizze: fuort wêze. As ING-klant? Hjoed noch. Der binne genôch alternativen. Sa fyn ik it as ING-klant miskien wol oantreklik om by in bank sûnder winsteachmerk te sitten. Miskien dat de ING topminsken de wiere wrâld dan wat begjinne te begripen."