Theo Hiddema: "We zetten alle sluizen open, terwijl we de kraan juist dicht moeten draaien"

12 sep 2018 - 22:50

It beslút dat de Armeenske bern Lili en Howick yn Nederlân bliuwe meie, is moai foar dizze beide bern mar in skande foar it Nederlânske rjochtssysteem. Dat sei Theo Hiddema, Twadde Keamerlid foar it Forum voor Democratie, woansdeitejûn yn de talkshow IepenUP live.

Foto: Omrop Fryslân

De politiek heeft zich laten beïnvloeden door een chanterende moeder.

Theo Hiddema

"De politiek heeft zich laten beïnvloeden door een chanterende moeder die een hele industrie van linkse hulptroepen om zich heen heeft verzameld", sei Hiddema. Hy stuts syn miening net ûnder stuollen of banken en betitele de Nederlânske polityk as 'een poppenspel' en de Twadde Keamer 'met alle onzinnige commissievergaderingen is één groot theater'.

Zo nodig moeten we de grenzen afbaken met grenspalen.

Theo Hiddema

Hiddema wist net in soad minsken yn it publyk fan syn ideeën te oertsjûgjen. Hielendal net doe't de politikus him útspruts tsjin it bernepardon. "We zetten alle sluizen open, terwijl we de kraan juist dicht moeten draaien", fûn Hiddema. "Zo nodig moeten we de grenzen afbaken met grenspalen."

De befeiligingsmeiwurkers dy't op lêst fan de gemeente Ljouwert ynhierd wiene, hoegden nettsjinsteande alle fûleindige útspraken en diskusjes net yn aksje te kommen.

Trefwurden: 
LF2018 IepenUP Theo Hiddema
(advertinsje)