Stasjon Mantgum hat lanlike primeur mei dimljocht

12 sep 2018 - 22:46

Mantgum is it earste stasjon yn Nederlân mei dimme ljochten. Neidat arsjitekt Nynke-Rixt Jukema út Mantgum mei in tal doarpsbewenners út protest tsjin de ljochtfersmoarging, letterlik de lampe útdraaide op it stasjon, hat ProRail yn oerlis nije ledferljochting ynstallearre. Dy waard woansdeitejûn foar it earst brûkt.

Treinstasjon Mantgum - Foto: Omrop Fryslân, Maaike van der Hoek

It is de bedoeling dat oare stasjons yn Fryslân en de rest fan Nederlân folgje. De nije ferljochting fan it stasjon hat dimmers. As der gjin beweging is, baarne de ljochten sunich. As der minsken oankomme of op it stasjon binne, skine se fûler.

By it yn gebrûk nimmen fan de nije stasjonsljochten wienen sawat hûndert minsken oanwêzich, ûnder wa kommissaris fan de Kening Arno Brok, direkteur fan Arriva Anne Hettinga, direkteur fan ProRail Astrid Bunt en histoarikus Geert Mak. De ynwenners fan Mantgum binne bliid mei it dimme ljocht.

Ljocht - Foto: Omrop Fryslân, Maaike van der Hoek

Ferslachjouwer Maaike van der Hoek is yn Mantgum

(advertinsje)