Brêge oer Strobosser Trekfeart klear

De earste fan de sân brêgen oer de Strobosser Trekfeart is klear. Woansdei iepene deputearre Sietske Poepjes de brêge by Lytsewâld. De brêge is in ryksmonumint en waard yngreven opknapt, mar it uterlik bleau gelyk. Dat jildt ek foar de oare seis brêgen.
© Provinsje Fryslân
Yn 2016 sette de provinsje útein mei de opknapbeurt fan de sân brêgen. Dêrby wie folop romte foar duorsume plannen. Sa kriget de Dinzerbrêge in bysûnder brêgetek, makke fan op 'e nij brûkt keunststof.
De opknapbeurt wie nedich om't de brêgen net sterk genôch mear wiene foar it ferkear fan hjoed- de-dei.