Frânske fallen ruter út De Stormruiter makket hynder fan hout

12 sep 2018 - 21:08

Henk Hergaarden hat in passy foar houtsnijwurk. Hy makket fanalles fan hout. Dat docht er yn syn hok, al neamt er it sels syn knolletún. Dizze moanne hat er bysûndere besite. De Frânske ruter dy't by de premjêre fan De Stormruiter fan it hynder foel, wurket by him oan in houten hynder.

Hergaarden kaam de Franske ruter Clement Mesmin tiisdei tsjin yn it WTC. Se rekken oan de praat en Hergaarden fertelde oer syn houten hynders. Mesmin wie sa entûsjast dat er graach in houten hynder meitsje wol fan syn eigen hynder dat yn Frankryk stiet. Alle dagen komt Mesmin by Hergaarden thús om dêr te wurkjen oan syn hynder. "He's a good teacher", fertelt Mesmin. It houtwurk docht er tegearre mei in kollega-ruter út De Stormruiter.

Mesmin foel by de premjêre fan De Stormruiter fan Quirikou, it hynder dat ûnderút gie. Hy giet alle dagen nei de klinyk yn Emmeloord om efkes mei it hynder te rinnen. It hynder sil tongersdeitejûn noch net meidwaan yn de foarstelling. Mesmin fielt him al wol better en hat allinnich wat lêst fan de earmtakke. Hy docht tongersdei wol wer mei as ruter.

Ferslachjouwer Maaike van der Hoek is by Henk Hergaarden en Clement Mesmin

(advertinsje)