Alderein faak slachtoffer fan brân: stiet de rollator foar it gripen?

12 sep 2018 - 20:52

It binne foaral senioaren dy't de ofrûne tsien jier by brân om it libben kaam binne. Dat docht bliken út lanlik ûndersyk. Mei-inoar kamen de ôfrûne tsien jier mear as trijehûndert senioaren om it libben by in brân. In tredde fan de manlike slachtoffers is 65 jier of âlder, fan de froulju is dat sels de helte.

Brânwachtauto - Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

Jan Kees Toxopeus dan de Fryske brânwacht werkent it lanlike byld. By de Fryske brânwacht binne senioaren in wichtige doelgroep. Dat dogge se ûnder oare troch it jaan fan foarljochting. Minsken wurde wiisd op it belang fan in goed wurkjende reekmelder. En as se op bêd gean, moatte se de binnendoarren tichtdwaan. Fierders riedt de brânwacht oan om by it itensieden dochs foaral by de pannen op it fjoer te bliuwen. "Koken en roken zijn de voornaamste oorzaken van woningbranden", seit Toxopeus.

Jan Kees Toxopeus

Koken en roken zijn de belangrijkste oorzaken van woningbranden.

Jan Kees Toxopeus

Senioaren kinne boppedat minder gau fuortkomme, omdat it allegearre net mear sa hurd giet. Se hearre ek minder goed, dus mooglik ek de reekmelder. In oplossing dêrfoar soe wêze de reekmelder keppelje mei in reekmelder fan de buorlju, sadat dy ek warskôge binne.

De Fryske brânwacht oefenet ek mei de senioaren. Earst prate se mei de minsken en dêrnei gean se nei de sliepkeamer. Minsken gean op bêd lizzen en dan lit de brânwacht de reekmelder ôfgean. Dan moatte se sjen dat se gau fuortkomme. Dan is it de fraach oft de rollator foar it gripen stiet. Kinne se dy fuortendaliks pakke? En stean der dingen yn it paad? Stiet der wat foar de doar?

Tips fan de brânwacht op in rychje

* Kontrolearje oft de reekmelder goed wurket

* Slút de binnendoarren ast op bêd giest

* Bliuw ûnder it itensieden by de pannen op it fjoer

* Set de rollator njonken it bêd sadatst him fuortendaliks pakke kinst

* Oefenje de flechtrûte fan it bêd nei de bûtendoar

* Hâld flechtrûte obstakelfrij

Trefwurden: 
brânwacht brân senioaren
(advertinsje)
(advertinsje)