Afgaanske Maedeh mei nei sân jier yn Nederlân bliuwe

12 sep 2018 - 19:55

Nei sân jier wachtsjen wie der woansdei einliks goed nijs foar Maedeh Rahimi. De flechtlinge út Afganistan kriget in ferbliuwsfergunning. Jierrenlang wenne de famylje Rahimi yn it AZC yn Burgum. Yn augustus dit jier ferhuze de húshâlding nei Brabân. Nei in drege tiid wie der einliks bliidskip, doe't harren advokaat fertelde dat de famylje yn Nederlân bliuwe mei.

Maedeh Rahimi - Foto: Omrop Fryslân, Simone Scheffer

Afgaanske Maedeh mei bliuwe

Maedeh hat it goede nijs wol efkes fierd. "Ik was alleen thuis met mijn zusje en we waren allebei blij. We vonden het alleen wel jammer dat dit niet eerder was gebeurd, want mijn broertje kon dit niet meemaken. Maar het was wel een moment dat we nooit meer vergeten."

Gjin libben

As se weromstjoerd wie, hie dat neffens Maedeh yngripende gefolgen foar har hân. "Dan heeft verder leven geen betekenis voor je, als vrouw in Afghanistan. Je hebt hier geleerd hoe je als een vrouw kunt leven, maar daar heb je geen eigen rechten. Daar wordt alles voor je beslist en je kunt er geen stem hebben."

No't Maedeh in ferbliuwsfergunning hat, kin se ek stúdzjefinansiering en in OV-kaart krije. De MBO-learlinge wol graach sa gau as mooglik wer nei skoalle ta. Earder al wie sy kandidaat foar de titel MBO Ambassadeur.

(advertinsje)
(advertinsje)