Brân yn nije brânwachtauto, kollega's helpe kollega's

12 sep 2018 - 19:54

De brânwacht fan Harns krige woansdeitejûn wol in hiel aparte melding. Se moasten yn aksje komme om kollega's te helpen. Oan de Almenumerwei stie nammentlik in nije brânwachtauto fan it korps Menaam yn de brân. It wie in lyts brantsje, benammen te sjen oan de reek.

Foto: Kappers Media

Hoe't de brân ûntstien is, is noch net bekend en ek net wat der krekt baarnde. Der kaam nammentlik reek frij sûnder dat goed te sjen wie wat no krekt de oarsaak wie. De Harnzer spuitgasten hawwe it útmakke. Under de brân koene de Menamers noch gau guod derút helje dat se brûke by harren wurk.

Trefwurden: 
Harns brânwacht Menaam brân
(advertinsje)
(advertinsje)