LIVE: IepenUP mei Theo Hiddema

12 sep 2018 - 19:12

Advokaat en Forum voor Democratie Keamerlid Theo Hiddema makket al syn hiele karriêre in soad los. Al 40 jier sit de yn Holwert berne Fries yn de advokatuer en dat bliuwt er ek dwaan no't er Keamerlid is. Elkenien is wolkom yn poppoadium Neushoorn om mei te praten; ID-kaart sjen litte is ferplichte. Meisjen kin fansels ek, fan 20.00 oere ôf op de livestream.

Forum voor Democratie

Foar 'Forum voor Democratie' pleitet Hiddema ûnder oare foar it beheinen fan de ynstream fan ymmigranten, mear direkte demokrasy yn de foarm fan binende referinda en it ferlitten fan de Europese Unie. Hiddema kaam yn oanrekking mei FvD doe't it noch in tinktank wie. Hy besleat him kandidaat te stellen as Keamerlid op oantrúnjen fan Thierry Baudet.

It partijkartel

Yn IepenUP wurdt mei him diskusjearre oer aktuele saken. Hoe tinkt Hiddema oer ymmigraasje en Europa? En fansels komt ek 'it partijkartel', syn jeugd yn Fryslân, mienskip en syn blik op kultuer oan bar.

Foto: Omrop Fryslân

En fierder

De gastkollomnist is Oczan 'Eus' Akyol en Naomi Veldwijk is it de sprutsen wurd-artyst fan jûn. De muzyk komt fan Woe Blind Birds. Ek wurde de Iepen Mienskips Fûns boanussen útrikt, wêrby't mienskipsprojekten in ekstra steuntsje yn de rêch krije; sjeks fan 2018 euro.

IepenUP

Alle woansdeis steane yn it programma de aktualiteiten yn de wrâld sintraal; hoe libje wy mei ús allen, watfoar subgroepen meitsje dêr diel fan út en hoe soargje wy derfoar dat wy inoar faker moetsje en better begripe? Dat binne saken dy't oan bar komme yn IepenUP.

Elkenien kin oanwaaie komme en meidwaan oan de diskusjes yn kafee De Backstage yn poppoadium Neushoorn. It programma set alle woansdeis om 20.00 oere útein en is te folgjen op Omropfryslan.nl, yn de Omrop-app en op de Facebookside fan Omrop Fryslân. Mear ynformaasje oer IepenUP is te finen op harren Facebookside. IepenUP is in inisjatyf fan Omrop Fryslân, Tresoar en Neushoorn Café en LF2018.

Trefwurden: 
IepenUP Theo Hiddema
(advertinsje)