Sophie is mei har ponny ûnderweis fan Noard-Hollân nei Twizel

12 sep 2018 - 18:14

De 24-jierige Sophie van Dijk is sûnt moandei dwaande mei in bysûndere tocht. De hynsteleafhawwer is fan har wenplak Nederhorst den Berg yn Noard-Hollân mei har ponny Bella ûnderweis nei Twizel, in tocht fan 180 kilometer. Se wol hjirmei jild ophelje om in hynder te rêden fan 'e slacht.

Foto: NH-Nieuws

"In april heb ik ook al een paard van de slacht gered en dat wil ik eigenlijk nog een keer doen. Een paard dat bij de slacht staat, maar nog wel een goed leven tegemoet kan gaan, wil ik graag een mooi leven bieden bij mij", fertelt Sophie. Om dat mooglik te meitsjen hat se twa- of trijetûzen euro nedich. "Je hebt natuurlijk eerst de aanschafkosten van het paard en daarnaast heb je nog de dierenartskosten, want ze zijn vaak ziek. Ontwormen, vaccinaties, een paspoort moet gemaakt worden. Dus er zit behoorlijk wat werk in."

Het is gewoon heel gezellig.

Sophie van Dijk

Sophie hat Twizel net samar útkeazen as einlokaasje. "Mijn mem ligt daar begraven. De pony waar ik nu mee loop, is haar pony geweest vroeger en die heb ik teruggevonden na tien jaar." It duo kin it goed mei inoar fine en dat makket de lange rit in stik makliker. "Het is een geweldige rit. Het is hartstikke leuk, want we zijn de hele tijd samen en het is gewoon heel gezellig", seit se.

Sophie van Dijk yn Weistra op Wei

Foto: Still út YouTube-filmke

Wannear't Sophie en har hynder oankomme yn Twizel is noch net dúdlik. "Ik hoop zaterdag, maar het ligt eraan hoe Bella zich vrijdag voelt. Als ze heel moe is, wat ik trouwens niet denk, want ze heeft superveel energie, dan gaan we er nog een etappe aanplakken en komen we zondag aan", fertelt se.

Minsken dy't Sophie en har ponny folgje of stypje wolle, kinne terjochte op Instagram, Facebook en YouTube mei de namme SophieBella of op www.redeenpaard.nl.

(advertinsje)
(advertinsje)