Nije 'pianochallenge' foar Ljouwerter stasjonspiano

12 sep 2018 - 17:36

Jonas Borchert út Spanje pingele wat om op de stasjonspiano fan Ljouwert. Hy sette dat ferske op social media wen waard fuort útnûge om op it festival Welcome to The Village yn Ljouwert te spyljen.

Stasjon Ljouwert komt no mei in 'Stationspiano Challenge': elkenien dy't syn filmke uploadt mei #stationspiano kin kâns meitsje op in optreden op festival Explore The North.

Prettig gevoel

"We vinden het belangrijk dat bezoekers van het station een prettig gevoel hebben wanneer zij het station bezoeken. De stationspiano speelt daar een belangrijke rol in. Daarnaast willen we iets terug doen voor de enthousiaste pianisten die dagelijks de stationshal opfleuren met hun muzikale klanken en bedachten deze wedstrijd voor Leeuwarden," seit Anita Boonstra fan de NS.

Explore the North is in stedsfestival yn de binnenstêd fan Ljouwert mei muzyk, literatuer, teäter en byldzjende keunst. De sechsde edysje is 22, 23 en 24 novimber.

(advertinsje)