Nije maatregels test om mûzen ek yn tiden fan drûchte bestride te kinnen

12 sep 2018 - 17:33
Foto: Omrop Fryslân, Hayo Bootsma

It lân ûnder wetter sette om sa mûzen te bestriden. It is de bêste opsje, sa hat de ôfrûne jierren bliken dien. In oantal jierren ferlyn waard it ûnder wetter setten fan lân foar it earst dien troch boeren. Dat die fertuten, sa die bliken. No is it de fraach hoe't je dat dogge nei sa'n lange drûge simmer lykas dit jier.

Foto: Omrop Fryslân, Hayo Bootsma

De proef wurdt dien by Vegelinsoard by De Jouwer. Dêr is foar keazen om't de wetterhúshâlding dêr dreech is. In soad grûnwetter rint fuort nei de eardere Hoarnstermar. Ek is it dreech om yn de sleatten dêromhinne genôch wetter te krijen, sadat it lân echt ûnder wetter set wurde kin. As proef hawwe de provinsje, Wetterskip Fryslân en lânbou-organisaasje LTO Noord de hannen ynien slein. Alle wetteromlopen yn it gebiet binne sa oanpakt dat der genôch wetter stean bliuwt om de mûzen bestride te kinnen. It giet dan bygelyks om it ôfsluten fan dûkers.

LTO Noard-bestjoerder Peet Sterkenburg is bliid mei de proef: "It Wetterskip is der altyd om wetter ôf te fieren, om út te helpen. No is it oarsom en hawwe wy harren nedich, want wy wolle oanfier. Wy moatte sjen oft dat goed en maklik te regeljen is."

Dreech is de operaasje net, mar wol kostber, seit Niek Bosma fan Wetterskip Fryslân: "Je moatte goed neitinke oft je soks wolle. Der moatte in soad oanpassings komme, bygelyks oan dûkers of oan buizen. Ek moatte je goed hekkelje om de sleatten skjin te hâlden en om te soargjen foar in goede trochfier fan wetter. It deistich bestjoer fan it Wetterskip moat bepale oft se dat trochsette wolle."

(advertinsje)