Accolade frijsteld fan ferplichtings Wet Natuurbescherming

12 sep 2018 - 16:59

Wenningkorporaasje Accolade hoecht tenei gjin ûntheffing mear oan te freegjen foar de beskerming fan ferskate bistesoarten by it ferbouwen fan harren wenten. Accolade kriget frijstelling fan de provinsje op grûn fan de Wet Natuurbescherming.

Foto: ANP

By isolaasje- of renovaasjewurksumheden wurde bisten lykas de dwerchflearmûs en sweltsjes steurd of fuortjage. Dêrom moatte korporaasjes harren oan de wet hâlde. Accolade krijt lykwols tsien jier ûntheffing foar dizze regels ûnder in tal betingsten.

Betingsten

Accolade is allinnich frijsteld as der mar in pear fûgels of flearmûzen yn de wenten sitte. Dêrby giet it om 0,5 prosint fan it rûsde oantal bisten yn Fryslân. Accolade moat der boppedat foar soargje dat de bisten sa min mooglik oerlêst ûnderfine fan it wurk oan de hûzen. Dat wurdt bygelyks ynpland bûten de wintersliepperioaden, it briedseizoen of de tiid dat de bisten jongen hawwe. Ek sil Accolade der foar soargje dat de bisten nei it wurk in ferfangend plak krije.

Wiis mei alle bewenners

Direkteur Jeriça Hartholt fan Accolade is tige entûsjast oer de ûntheffing. "We verbeteren en verduurzamen 60 tot 80 wooncomplexen per jaar. Onze huizen hebben naast huurders ook andere bewoners. Die koesteren we ook. Jaarlijks plaatsen we ruim 800 nestkasten voor vogels en vleermuizen. Zo houden we de populaties in stand. De ontheffing maakt onze processen eenvoudiger en overzichtelijker. Het levert een snellere doorlooptijd op van plan tot uitvoering."

(advertinsje)