Fryske kij krije mooglik einekroas op it menu

12 sep 2018 - 16:46

In kulinêre ûntwikkeling foar Fryske kij: yn de takomst stiet der mooglik einekroas op it menu. Boer Djurre Postma út Hurdegaryp hat spesjaal foar de produksje fan einekroas in fiver fan 2.000 kante meter oanlein. Postma brûkt it einekroas as ferfanger fan soaja yn it fretten fan de kij.

De boer wurket foar dit projekt gear mei hegeskoalle Van Hall Larenstein. "Wy ûndersykje hjir de rânebetingsten en we sjogge wêrtroch't einekroas hjir goed groeie kin, sadat we dat oanpasse kinne as dat moat", seit Tsjippie Visser fan Van Hall Larenstein.

Yn it krêftfoer wat de kij no krije, sit in soad soaja, dat ymportearre wurde moat. Einekroas kin op eigen boaiem kweekt wurde en it is neffens Postma in stik duorsumer as soaja.

Foto: Omrop Fryslân, Bauke Deelstra

De ponnys ite it einekroas no al, mar de kij fine it kroas net lekker. Bytsje by bytsje krije de kij it kroas tusken it krêftfoer, yn de hoop dat se it aansens wol ite wolle. De ferwachting is dat der noch inkele moannen oan tiid en ûndersyk nedich is foardat der grutskalige produksje fan fretten mei einekroas foar de kij komt.

Tom Wijers fan Van Hall Larenstein sjocht it wol sitten mei de einekroas as fretten foar de kij. "Kroos groeit lokaal en veel sneller, dus daarmee heeft het gigantisch veel potentie en is het zeker iets voor de toekomst", seit er.

Foto: Omrop Fryslân, Bauke Deelstra
Foto: Omrop Fryslân, Bauke Deelstra
(advertinsje)