Twadde Keamer stipet proef Harnzers foar ôfspraken oer sâltwinning

12 sep 2018 - 15:55

It plan fan de Stichting Behoud Monumenten Harlingen en sâltfabryk Frisia om de bewenners yn 't foar better by de sâltwinning ûnder de Waadsee te belûken kin op in soad stipe rekkenje yn de Twadde Keamer en by it Staatstoezicht op de Mijnen. Dat die woansdei bliken by in harksit oer sâltwinning yn Nederlân. Sâltwinning hat ûnder oare yn Twinte en yn Grinslân foar miljeuskea en skea oan wenten soarge, wêrby't bewenners en de belutsen bedriuwen mei lulke hollen foarinoar oer stean.

De Harnzer Stichting Behoud Monumenten Harlingen en sâltfabryk Frisia wolle fan de sâltwinning ûnder de Waadsee in proef meitsje, wêrby't de feilichheid foarop stiet. Se wolle dat dwaan troch yn 't foar goede ôfspraken te meitsjen oer ferskate mjitpunten yn de Harnzer binnenstêd, oer it fergoedzjen fan skea yn it gefal dat dy ûntstiet en benammen ek oer in goede kommunikaasje oer en wer.

De Stichting Behoud Monumenten Harlingen bestiet noch mar goed in jier en koe woansdei it foarstel foar de proef presintearje yn de Twadde Keamer. It plan fan Stichting Behoud Monumenten Harlingen wurdt stipe troch de gemeente Harns en de provinsje Fryslân, dy't de stichting ek advisearje. It Staatstoezicht op de Mijnen is ek by de plannen foar de proef belutsen en fynt dy tige de muoite wurdich. "Ik hoop echt dat de partijen het eens worden. Als er nog zaken zijn waar ze het niet over eens zijn, dan wil ik daar graag bij helpen", seit direkteur Theodoor Kockelkoren fan it SODM. "En als bewoners toch nog ergens mee zitten, mogen ze ons bellen."

Partij voor de Dieren kritysk

Direkteur Durk van Tuinen fan sâltfabryk Frisia krige noch wol in stikmannich krityske fragen yn 'e Twadde Keamer. De Partij van de Dieren is der eins op tsjin dat it sâltfabryk diseloalje brûke wol by it winnen fan sâlt yn de Waadsee. De útlis fan Van Tuinen dat soks fan it lân ôf bart mei buizen djip yn de grûn stelde de partij net alhiel gerêst. Sokke buizen kinne nei ferrin fan tiid begjinne te skuorren, bygelyks troch ûngelykmjittige grûndelgong. Neffens Van Tuinen falt dat wol in slach ta. Hy ferwachtet dat de Harnzer binnenstêd op syn meast 1 oant 2 sintimeter sakje sil. Mei help fan mjitapparatuer dy't it sâltfabryk yn oerlis mei de Stichting Behoud Monuminten yn in pear monuminten pleatse sil, kin yn 'e takomst elts op 'e foet folgje hoe grut oft de delgong is. As de grûn mear sakket as ferwachte of as der oare ûnfersjoene effekten binne, jildt dan it 'hân-oan-de-kraan'-prinsipe. De sâltwinning sil yn dat gefal fuortendaliks stillein wurde.

Foto: Omrop Fryslân, Onno Falkena

"Nea 100 prosint wissichheid"

Oare sâltbedriuwen dy't oanwêzich wiene op de hearing yn it parlemint hawwe ek belangstelling foar de proef yn Harns. Sy hawwe faak de grutste muoite de relaasje mei de omjouwing goed te hâlden. De útnûge eksperts warskôgen politisy wol dat '100 prosint wissichheid en 0 prosint skea' noait garandearre wurde kin by in aktiviteit lykas sâltwinning. Unbedoelde effekten en skea kinne ek jierren nei de tiid noch optrede. Wol sjogge de eksperts dat de bedriuwen hjoed-de-dei besykje transparanter te wurden en ek better de kommunisearjen mei de omjouwing foardat se mei in mynbou-aktiviteit úteinsette.

Provinsje pleitet foar omkearde bewiislêst

De provinsje Fryslân spruts net yn op de harksit, mar stjoerde wol in 'position paper' nei de keamerkommisje fan ekonomyske saken. Yn dat papier pleitet de provinsje ûnder mear foar omkearde bewiislêst: by it optreden fan skea troch sâltwinning soe it de plicht fan it sâltwinnende bedriuw wurde moatte om oan te toanen dat it net troch de sâltwinning komt.

Direkteur Van Tuinen fan Frisia fertelde yn de Twadde Keamer dat it bedriuw yn trochsneed ien skeaklacht yn it jier krijt, en dat dy altyd fuortendaliks ûndersocht wurdt. Yn de measte gefallen liedt dat dan ek ta in oplossing. Allinnich mei in stikmannich klagers yn it doarp Winaam hat it bedriuw gjin akkoart berikke kinnen.

Trefwurden: 
Harns sâltwinning
(advertinsje)
(advertinsje)