Learplichtamtner hat it drok

06 nov 2011 - 15:50

It tal meldings by de learplichtamtner fan Frjentsjerteradiel is it ôfrûne skoaljier mei hast 60 % tanommen. Dat docht bliken út it jierferslach fan de learplichtamtner. Ferline jier melden de skoallen 317 kear problemen mei in learling, it ôfrûne skoaljier rûn dat op oant 501 meldingen. It hege oantal meldings betsjut net dat der mear spijbele wurdt. Skoallen slane earder alarm as der problemen binne. Der komme sa hieltyd faker slimme gedrachsproblemen by bern foar.

(advertinsje)