Wa wurdt Grutte Pier yn nije searje fan Steven de Jong en Omrop Fryslân?

12 sep 2018 - 15:00

Wennet Grutte Pier yn Fryslân, Noard-Hollân of sels yn Sweden? Omrop Fryslân en Steven de Jong Films geane op syk nei in haadrolspiler foar in unike searje oer it libben fan Pier Gerlofs Donia; better bekend as Grutte Pier. De syktocht nei miskien wol de meast legindaryske Fries wurdt yn gong set yn binnen- en bûtenlân en dat hat in reden.

Foto: Omrop Fryslân

Neffens de ferhalen wie Grutte Pier in flinke fint. "Wy sykje nei in bear fan in keardel, dy't ek noch aktearje kin en dy binne der net safolle", seit regisseur Steven de Jong. "Dêrom sykje wy ek bûten Fryslân." Der wurdt socht nei in grutte, fysyk sterke akteur fan minimaal 1.90 meter lang, dy't tusken de 30 en 45 jier is.

Acht jier

It meitsjen fan de searje wurdt ferspraat oer in perioade fan acht jier. Steven de Jong, dy't al lang omrint mei it idee foar in film of in searje oer Grutte Pier, sil alle jierren ien episoade meitsje. Yn acht episoaden wurdt it libbensferhaal fan de Fryske frijheidsstrider ferteld. De searje sil te sjen wêze by Omrop Fryslân.

Mannen dy't foldogge oan de easken fan Grutte Pier, kinne harren opjaan fia: www.gruttepier.tv. Opjaan kin oant 15 oktober.

"Neidat De Fûke útkaam yn 2000 fregen minsken my wat de folgjende Fryske film wêze soe", seit regisseur Steven de Jong. "Doe hawwe wy it earste skript al makke. It ferhaal fan Grutte Pier wurdt sjoen troch de eagen fan lytse Rens. Myn soantsje Rens is ferneamd nei akteur Rense Westra dy't yn dyselde perioade as dat hy berne is, stoarn is. Oan Rense drage wy dit Grutte Pier-projekt ek op. It doel is dat wy alle jierren ien episoade beljochtsje út de lêste acht jier fan it libben fan Grutte Pier.

"Grutte Pier wie in reus foar dy tiid, want de minsken wiene doe folle lytser. En hy wie bearesterk. Hy soe mei ien hou fan syn swurd trije minsken deade kinne hawwe. Wy sykje dus ek in akteur dy't wol wat yn de bouten hat."

De Jong hat al yn Nederlân om him hinne sjoen en de help fan oare regionale omroppen yn Europa ynroppen. Bygelyks yn Finlân, Ierlân en Frankryk. De regionale omroppen dêr gean ek op syk nei in akteur dy't Grutte Pier spylje kin. "Mar yn Fryslân rinne mooglik ek grutte talinten om dy't ik noch net ken. Minsken moatte wol aktearje kinne. Mar, oan de oare kant, ast it net besikest, witst it ek net. Dus kandidaten dy't tinke "Dit is wat foar my en ik haw der nocht oan", moatte harren seker melde. Dan teste wy dat. Wy draaie net fuortendaliks. Wy kinne de kandidaten helpe en traine.

Der wurde ek froulju en figuranten socht foar de searje.

Steven de Jong

Mannen dy't foldogge oan de easken fan Grutte Pier en froulju en figuranten, kinne harren opjaan fia: www.gruttepier.tv. Opjaan kin oant 15 oktober.

Grutte Pier libbe tusken 1480 en 1520 en wie boer yn it doarp Kimswert. Yn dy tiid spile der in grutte boargeroarloch en Pier syn frou en bern waarden fermoarde. Hjirtroch gie er mei syn swurd en syn binde 'De Arumer Swarte Heap' de striid oan mei de besetter. Oan Grutte Pier soene wy it sechje 'Bûter, brea en griene tsiis, wa't dat net sizze kin is gjin oprjochte Fries' te tankjen ha. Neffens de ferhalen brûkte er dat, om derachter te kommen wa't in Fries wie en wa net.

(advertinsje)
(advertinsje)