Planten fan sloopwenten op It Hearrenfean nei Le Roy-tún

12 sep 2018 - 14:34

Frijwilligers fan de Le Roy-tún op It Hearrenfean ha woansdei planten en struken út tunen op It Hearrenfean fuorthelle. It giet om tunen fan goed 50 huzen yn de wyk Heerenveen-Midden dy't sloopt wurde.

Foto: Peter Wouda

De frijwilligers wienen mei kroaden en skeppen drok dwaande yn de Tj. Bottemastraat, Van Goghlaan en de Piet van der Hemstraat en de Vermeerstraat. Dat is yn oerlis mei WoonFriesland dien, de eigener fan de huzen.

Foto: Peter Wouda

It struke- en planteguod giet nei de Le Roy-tún oan de Kennedylaan om dêr de iepen plakken yn de tún te foljen. Yn it foarjier binne tal fan iepen plakken ûntstien trochdat in soad esken kapt binne fanwege sykte oan de beammen. It ferskaat oan plantesoarten yn it iepenbiere park nimt troch dizze 'ferplant-aksje' ta.

Foto: Peter Wouda

De tún wurdt sûnt 2005 troch de Stichting TIJD beheard neffens de ideeën fan Louis Le Roy (1924 -2012).

(advertinsje)
(advertinsje)