Marit Bouwmeester klimt yn it klassemint yn Japan

12 sep 2018 - 14:03

Marit Bouwmeester is op it wetter by Enoshima yn Japan nei it twadde plak klommen yn de Laser Radial. Dat die de regearjend olympysk kampioene troch yn twa races as fjirde en fiifde te einigjen.

Se kin har by dizze wrâldbeker klassifisearje foar Tokio 2020. Dan moat se in plak by de earste fjouwer ha.

(advertinsje)