Vermilion mei gas winne by Langsweagen

12 sep 2018 - 13:03

Vermilion mei gas winne út de putten by Langsweagen. Dat docht bliken út it beslút fan it Staatstoezicht op de Mijnen nei de beswieren fan de gemeente Hearrenfean en it gaswinbedriuw sels. Dy beswieren hawwe gjin grûn, sa hat it Staatstoezicht bepaald. It Staatstoezicht seit dat de gaswinning tastien is, omdat de minister yntusken definityf akkoart is mei in nij winningsplan fan Vermilion.

Foto: ANP

Yn april ferline jier waard de gaswinning út ien fan de putten stillein, omdat de winning net beskreaun wie yn de plannen fan Vermilion. Yn novimber luts it Staatstoezicht op de Mijnen dat beslút wer yn, omdat de minister fan Ekonomyske Saken oanjûn hie dat er akkoart gean woe mei in nij winningsplan. Dêryn stie de winning wol beskreaun. Vermilion makke beswier tsjin it stillizzen fan it wurk, wylst de gemeente Hearrenfean it net iens wie mei it wer weromdraaien fan it beslút.

Trefwurden: 
Langsweagen gas Vermilion
(advertinsje)