Balksters wolle âlde riedshûs faker iepen hawwe

Yn Balk wurde op dit stuit in soad plannen útfierd om it sintrum wer wat by de tiid te krijen. Mar der is ien hiel âld stikje Balk dat yn de eagen fan in soad ynwenners ek ta is oan wat ekstra omtinken: it 400 jier âlde riedshûs.
Balksters wolle âlde riedshûs mear iepen hawwe
De tagong is beheind ta trouwerijen en aktiviteiten fan gemeente De Fryske Marren, wylst it de pronkkeamer fan it doarp is. En dat soe oars moatte, fine se by Balk Foarút; it pleatslik belang fan it doarp. Gemeente De Fryske Marren wurdt neat ferwiten, want it gebou wurdt ûnderhâlden.
Foar it doarp soe it hiel moai wêze as de doarren faker iepen kinne. Net allinnich foar de Balksters sels, mar ek foar toeristen. Konkrete plannen binne der net. Al is der yn it bestjoer fan Balk Foarút wolris praat oer in brasserij of in museumfunksje.
Mooglik soe der in ideeëbus iepene wurde kinne yn 'e mande mei de gemeente. Dy lit witte dat se derfan op de hichte binne en dat se ree binne om te praten oer de takomst fan it riedshûs.