Supermerk Wynjewâld wurdt net wer opboud: ferkenning nei nije winkel

12 sep 2018 - 12:40

De supermerk yn Wynjewâld, dy't yn july ôfbaarnde, wurdt net wer opboud. Eigener Johan Bosch hat dat witte litten, no't supermerkketen Spar meidield hat dat it ôfsetgebiet te lyts is om in nije supermerk rendabel te meitsjen. Bosch hie de winkel ûnder syn eigen namme, mar krige de produkten oanlevere troch de Spar. Bosch hie al earder witte litten dat de winkel hast net út koe en dat sluting drige.

Foto: Wiegmink Media

In groep frijwilligers út Wynjewâld naam dêrop it inisjatyf om de winkel dochs foar it doarp te behâlden. Bosch seach wol takomst yn dy plannen, mar krekt foar de realisaasje waard de winkel troch brân fernield. De ûndernimmer doart in grutte ynvestearring foar in nije winkel net mear oan. Hielendal net omdat supermerkketen Spar witte litten hat dat in in nije winkel op dit plak net rendabel wêze soe.

De wurkgroep hat begryp foar it beslút fan Bosch, mar lit it hjirby lykwols net sitte. Wurdfierder Marianne Hulsbergen tinkt dat in jonge ûndernimmer wol kâns fan slagjen hat en sil ynkoarten in plan presintearje foar it behâld fan in supermerk yn Wynjewâld.

"We zijn de mogelijkheden aan het verkennen," fertelt Marianne Hulsbergen. "Het is duidelijk dat Wynjewâld wel een supermarkt wil. We steken er veel energie in om dat voor elkaar te krijgen. We willen een winkel waar je elkaar spreekt en ziet en waar je op de fiets of lopend heen kunt voor je dagelijkse verse boodschappen. Een winkel die past bij de sfeer van het dorp voor de langere termijn."

Foto: Omrop Fryslân
Trefwurden: 
brân Wynjewâld supermerk
(advertinsje)