Skoallieders fiere aksje foar bettere arbeidsomstannichheden

12 sep 2018 - 12:08

Op guon basisskoallen yn de provinsje klonk woansdeitemoarn it brânalarm. It is in aksje fan de Algemene Vereniging van Schoolleiders, AVS, om omtinken te freegjen foar de hege wurkdruk dy't se ha en foar in better lean. De skoallieders krije der yn de nije cao 2,5 persint by, wylst de learkrêften in ferheging krije fan 8,5 persint.

Foar direkteur Egbert Schilstra fan CBS De Stapstien yn Kollumersweach giet it net allinnich om dizze beide saken. Hy wol sa nochris de oandacht freegje foar de omstannichheden yn it ûnderwiis fan no: "It is noch hieltyd dreech personiel te finen. As der no ien siik wurdt, dan is it dreech in ferfanger te finen."

Foto: Omrop Fryslân, Hayo Bootsma

As it net oars kin, stapt hy sels foar de klasse. "Mar dat is net wat je wolle. It oare wurk moat ek dien wurde. Litte je dat lizze, dan giet it ta skea fan de kwaliteit fan it ûnderwiis", sa seit Schilstra.

In soad animo foar de lanlike aksje is der net. In soad skoaldirekteuren fine de aksje te solistysk. Se fine dat it jaan fan goed ûnderwiis teamwurk is. Dochs wurdt de eask fan de AVS al stipe. Benammen om't de wurdearring foar de somtiden drege baan no te leech is.

Harkje nei de reportaazje

(advertinsje)