De Westereen lûkt stekker út sneinsfuotbal

12 sep 2018 - 11:14

It wie al in skoft in ôfrinnende saak, mar no is it definityf oer: it sneinsfuotbal yn De Westereen. De sneinskommisje en it bestjoer fan VV Zwaagwesteinde hawwe no besletten it earste alvetal werom te lûken út de kompetysje. In opmerklike kar, sa yn it seizoen. Mei 14 spilers is it net mooglik yn de kompetysje te bliuwen.

argyffoto: Yde Boorsma, Jelle Arjaans, Johan Tolsma, Sipke Hulshoff en Willem de Ruiter - Foto: VV Zwaagwesteinde

It wie besletten nei oanlieding fan in pear spilers dy't har weromlutsen hienen. Sy hienen tasein foar de sneinsôfdieling út te kommen, mar dienen dat dochs net. Yn juny dit jier wienen der noch 36 spilers dy't taseinen yn de sneinskompetysje te bliuwen en dat rûn werom nei 25 spilers.

VV Zwaagwesteinde hie doe al kontakt opnaam mei de KNVB om it twadde alvetal werom te lûken út de kompetysje. Ofrûne wike waard dúdlik dat minder spilers ree binne sneins te fuotbaljen.

"Wij betreuren dit ten zeerste ten overstaan van de KNVB en onze tegenstanders, maar wij zien als bestuurders van onze vereniging geen andere mogelijkheid om het tij nog te doen keren'', lit it bestjoer fan VV Zwaagwesteinde yn in brief witte.

Klaas Hoekstra fan De Westereen

De Readsjes

"Al jierren binne der soargen en is der minder belangstelling. Earder moasten we al it twadde weromlûke út de kompetysje, dat hat in sniebaleffekt krigen" fertelt Klaas Hoekstra, foarsitter fan de fuotbalferiening. "It wie in unanym beslút om mei it earste op te hâlden, it wie lûken oan in dea hynder. Guon spilers binne blessearre, oaren ferhúzje of moatte staazje rinne, sa binne der allerhanne redenen dat spilers ophâlde."

'Westerein op snein' wie in begryp. "We ha sels yn de heechste klasse fan it amateurfuotbal spile. It libben bot yn it doarp. Ik bin der wis fan dat we in protte minsken sear dogge, mar it is spitich, it kin gewoan net mear. De reaksjes binne berêstend. It komt net ûnferwachts. It besef wie der wol dat dit net mear jierren duorje soe."

De feriening is fan oarsprong in sneinsferiening. It is net de earste kear dat it sneinsfuotbal in ûnderwerp fan diskusje is yn De Westereen. Yn 2012 wie it ek al dreech foar de klup om de holle boppe wetter te hâlden oangeande it sneinsfuotbal.

(advertinsje)