Knooppunt De Jouwer: wannear meist 130 ride?

Wêrom meie automobilisten by De Jouwer noch hieltyd gjin 130 ride? It wurk oan de eardere rotonde liket al in skoft klear, mar is dat wol sa?
© Omrop Fryslân, Bauke Deelstra
De dyk moat noch better ynriden wurde.
Dirk-Jan Lepstra
Bauke Deelstra praat mei Dirk-Jan Lepstra
"Der steane yndie noch wat buorden mei 90 kilometer lâns de dyk," leit omjouwingsmanager Dirk Jan Lepstra, út. "Dat hat te krijen mei de stroefheid fan it asfalt. De dyk is noch te glêd, it duorret in skoft foardat de bitumen it wurk dogge dat se dwaan moatte. De dyk moat noch better ynriden wurde." Foar de simmer is noch metten en doe wie de dyk noch net stroef genôch, dat kaam ek mei troch de waarmte. "Der moat dus noch goed ferkear oerhinne foardat de juste stroefheid behelle is en dan kinne de 90-kilometerbuorden fuort. Oant dy tiid wolle we gjin risiko's nimme."

Noch in pear wiken

Ferline wike is noch in stroefheidsmjitting dien. "As dy resultaten der binne en se binne geunstich, dan kinne de buorden fuort." Lepstra tinkt dat dat mei in wike as trije it gefal is, mar hy hâldt in slach om de earm.
Bauke Deelstra praat mei Dirk-Jan Lepstra (2)

Gjin files mear

It ferdwinen fan de rotonde hat al wol in soad foardielen opsmiten. "De tiid fan files is foarby, de reistiid is no betrouber, want kinst altyd trochride. Boppedat binne der gjin ûnfeilige sitewaasjes mear."

Deeglike tunnel

Se binne noch oan it wurk by de âlde tunnel rjochting Skarsterbrêge. "Dy is deeglik boud en der sit mear beton yn as we tochten. It is lestich te slopen en de huzen steane der ticht op dus we kinne net te swier ark ynsette, want dan skoddet de grûn en dat jout problemen."