Fryske tigers en ko nominearre foar titel Dier van het Jaar

12 sep 2018 - 10:26

De tigers Sultan en Sayeeda en de ko Hermien binne nominearre foar de titel Dier van het Jaar. Dat is in priis dy't de bernekrante Kidsweek alle jierren útrikt oan in bist dat wat bysûnders dien of meimakke hat. De tigers binne oktober ferline jier út in ferlitten pretpark by de Syryske stêd Aleppo oerbrocht nei opfangsintrum Felida Big Cat Centre yn Nijeberkeap. Dêr giet it no folle better mei de bisten. Se wiene bot fermeagere en traumatisearre troch alle bombardeminten yn Syrië.

By de ferkiezing Dier van het Jaar heart in priis fan tûzen euro. "We zijn heel blij met de nominatie", seit Simone Schuls fan Felida. "Als Sultan en Sayeeda winnen, zou dat echt een cadeautje zijn. We zouden het geld besteden aan de inrichting van hun nieuwe verblijf. Daar willen we een zwembad voor ze maken en hoge platforms voor ze bouwen. Vanaf zo'n hoog plateau hebben ze een goed overzicht, dat maakt ze zelfverzekerder."

It giet sa goed mei de beide tigers, dat se sûnt in moanne ek geregeld by elkoar yn it ferbliuw sitte. It is de bedoeling dat se úteinlik nei Lionsrock gean, dat is in reservaat foar fjouwerfuotters yn Súd-Afrika.

Foto: Anton Kappers

Ek ko Hermien makket kâns op de priis. It bist ûntkaam ferline jier desimber doe't it ûnderweis wie nei de slachter en rûn dêrnei om yn de bosken by Lettele, yn Oerisel. Wikenlang wist se út hannen te bliuwen fan feedokters, boeren en jagers. Hermien waard sa de meast ferneamde ko fan Nederlân. Nei hast twa moanne waard de ko fongen. Se wurdt no opfongen yn it kowerêsthûs yn Sânhuzen.

Bert Hollander fan de stichting achter it kowerêsthûs seit: "Ik vind het heel erg leuk dat ze is genomineerd. Hermien is een heel speciale koe. Ondanks de ontsnapping en alles wat ze daarna heeft meegemaakt, heeft ze vertrouwen in de mens. Dat is heel bijzonder."

Neist de tigers en de ko binne noch twa oare bisten nominearre. Stimme kin noch oant en mei tongersdei 27 septimber fia de webside diervanhetjaar.nl. Op snein 30 septimber wurdt bekend makke hokker bist wûn hat.

(advertinsje)