Arriva-treinreizger kin aanst net mear kontant betelje

12 sep 2018 - 09:34

Treinreizgers kinne yn Fryslân en Grinslân op Arriva-stasjons net mear betelje mei kontant jild. De ferfierder ferfangt de NS-kaartautomaten troch eigen automaten. Dêrtroch is it yn Noard-Nederlân net mear mooglik om op de Arriva-stasjons kontant te beteljen, sa stiet op de webside Treinreiziger.nl. Reizgersorganisaasjes reagearje kritysk.

Treinperron yn Ljouwert - Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

"Er zijn reizigers die om uiteenlopende redenen contant willen betalen. Door het afschaffen van de contant geld betalingen bij kaartautomaten raken deze reizigers in de problemen", seit Rikus Spithorst fan de reizgersorganisaasje 'Maatschappij voor beter OV' op de webside. Ek foarsitter Walter Etty fan reizgersferiening Rover is fûl tsjin it fuortheljen fan de automaten.

Arriva seit dat der earst wiidweidich ûndersyk dien is. ''Mensen zijn steeds meer gewend om cashloos te betalen. Op onze stations in Limburg kan al langer niet meer met cash betaald worden. We hebben daar heel weinig klachten over gekregen", seit in wurdfierder. De ferfierder wiist derop dat der yn de bus by Arriva al sûnt desimber ferline jier net mear kontant betelle wurde kin. "Daar sluit dit bij aan", seit de wurdfierder. De maatregel giet neffens Arriva op syn gaust yn 2024 yn.

Trefwurden: 
trein Arriva kaartsje
(advertinsje)
(advertinsje)