Frou rekket ferwûne by oanriding by Bantegea

12 sep 2018 - 08:18

Op de Grietenijdyk by Bantegea is in frou tiisdeitejûn ferwûne rekke by in oanriding. Troch noch ûnbekende oarsaak botste se mei har auto tsjin in trekker. De frou is mei de ambulânse nei it sikehûs brocht. De Grietenijdyk wie lange tiid ôfsletten foar it ferkear fanwege it ûngelok. De auto fan de frou rekke swier skansearre. De plysje hat in ûndersyk ynsteld nei de krekte tadracht fan de oanriding.

Trefwurden: 
ûngelok Bantegea
(advertinsje)