Kollum: "Polityk"

12 sep 2018 - 07:59

"Kollega-kollumnist Ferdinand de Jong hie sneon fansels folslein gelyk mei syn kollum oer wat der allegearre mis is yn de nasjonale polityk. En doe wie Syrië noch net iens bekend. In polityk dy't net nei de minsken harket. Hoewol, De Jong hie syn kollum amper foarlêzen en doe wiene Lili en Howick al frij. Feroardiele ta it wenjen bliuwen yn dit politike ûnlân. Want mei it frijlitten fan dy bern hat de VVD no mei fêste hân D66 en ChristenUnie by de strôt, dy dividindbelesting giet der fansels no wis ôf.

Eelke Lok - Foto: Omrop Fryslân

De Toan fan Eelke Lok

Aukje de Vries moat as finansieel VVD-Keamerlid mei dat dividindferhaal aanst de Keamer yn. Hoopje dat se tsjin wat gedram kin, want dit sit de opposysje hiel heech. En se kin ek net jankende werom nei Ljouwert, want dan komt se yn de Fryske polityk telâne. En dy is net in hier better. Ik wiis inkeld mar efkes nei FNP-deputearre Jehannes Kramer, dy't nei oanlieding fan 'e kringlooplânbounotysje fan Carola Schouten twittere dat it o sa moai is dat Fryslân al lang docht wat de minister wol.

Wêrom Kramer, is hjir dan de lânskipspine ûntstien en útdroegen? Wêrom Kramer, is it wetter yn de feangreidegebieten noch net omheech? Wêrom, ach hâld op mei sok patserich praat. We soenen wólle dat jim it sa dienen, mar dat dogge jimme net. De Fryske polityk rint nea foarop.

Dus it moat oars. Ik bin ûndernimmer. Ik ha dik 300 man oan it wurk. Dêrfan wol ik der in swikje útsmite, want dan kin ik sels mear fertsjinje. Dus ik gean nei CDA-deputearre Sander de Rouwe en ik sis, kinst my wat jild jaan. Dat ha ik nedich om dy minsken derút te smiten. Ik moat ek wat nije draaibankjes ha, dan kin 'k dêrnei mei noch minder minsken ta. Mar Sander de Rouwe laket my út en ik gean sûnder in sint syn doar út. Dat is ek logysk, Sander is der net foar soksoarte grappen.

Hoewol, kofjebrâner en teesetter Jacobs Douwe Egberts op De Jouwer hie sa'n 350 man yn tsjinst. Se woenen der wol 90 fan kwyt. En se woenen ek noch nije teeseefkes en kofjemealders ha. Dan koe der noch in soadsje fuort. Jacobs of Douwe, dêr wol 'k ôf wêze, dy gie nei Sander de Rouwe en frege om jild. Sander helle fuort twa ton út de kontbûse en belle Frans Veltman op. Dy kin jim miskien net, mar dy is ekonomysk CDA-wethâlder yn De Fryske Marren.

Dy woe net ûnder dwaan, en smiet ek twa ton op tafel. En doe't se tegearre dêrnei wat yn dy ivige subsydzjepot fan wijlen de Friesland Bank omrierden, kaam der noch 5 ton. En mei 9 ton gie Douwe wer nei it fabryk en kundige oan dat der in kwak minsken útfleane soe. Ja fia natuerlik ferrin, mar je koenen dat fersnelle mei dat jild fan provinsje en gemeente. O ja, Douwe sei ek noch dat syn kofje yn de winkel echt net goedkeaper wurde soe.

Wat is no it ferskil tusken Douwe en my?

Histoarje.

Yn 1753 gie Egbert Douwes mei syn wyfke Ake Thysses fan Jiskenhuzen nei De Jouwer en dêr begûnen se in winkeltsje yn de saneamde koloniale waren. Syn sûkela en súdfruchten soenen úteinlik kofje, tee en tabak wurde. En linkendewei waard troch de famylje in moai bedriuw delsetten. Dat is histoarje. Dêr kin je noch hiele ferhalen by fertelle, om't har earste fabryksûnderkommen no museum op De Jouwer is. Unferbreklik mei-elkoar ferbûn, De Jouwer en Douwe, dat mei net ferdwine.

Hoewol, de fabryk, ek al útwreide nei Utrecht, waard kocht troch Sara Lee. It krige rûnom yn de wrâld allerhande fêstigingen. Kocht ek in soad op. It is in sterk ynternasjonaal bedriuw. Dat in pear jier lyn net iens skrok, doe't ynienen blykte dat se op de Braziliaanske fêstiging net telle koene. Dat koste in pear hûndert miljoen of sa. Mar it bedriuw draait no wer as in tierelier, fertsjinnet miljoenen.

It is no yn hannen fan Dútske ynvestearders, dy't ek noch in grut Amerikaansk kofjekonsern opkocht ha. Dêrmei ha se no de hiele wrâldmerk fan de kofje wol yn hannen.

Mar wêrom krije dy Dútsers no 9 ton? En ikke net."

Trefwurden: 
De Toan fan Eelke Lok
(advertinsje)
(advertinsje)