Organisaasje Psy-Fi fjochtet twangsom oan

De organisaasje fan it festival Psy-Fi yn de Griene Stjer by Ljouwert is it net iens mei de twangsom fan de provinsje fan 10.000 euro. Psy-Fi stiet iepen foar in petear oer in oplossing.
Psy-Fi festival © Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust
De provinsje hat de boete oplein, omdat der mei it festival mear as tûzen tinten opset wienen op plakken dêr't it net mocht. Neffens Wiebe Kootstra fan de organisaasje koe dat net oars en dat is ek mei de gemeente en de provinsje bepraat. Sy wienen it dêr mei iens. Mar de provinsje lei dochs in twangsom op, seit Kootstra.
Wiebe Kootstra fan Psy-Fi
Kootstra seit dat der beswier tsjin de twangsom oantekene wurdt: "Us advokaat sjocht wol mooglikheden om der ûnderút te kommen."