Ferbettering fargeul nei It Amelân moat 12 minuten tiidswinst opsmite

11 sep 2018 - 22:57

De plannen foar de ferbettering fan de fargeul nei It Amelân moatte sa'n 12 minuten minder reistiid opsmite as no. Dat docht bliken út in presintaasje fan Rykswettersteat tiisdeitejûn foar sa'n 150 ynwenners fan it eilân. De reistiid is op it stuit noch 45 minuten.

De fearboat en wettertaksy nei It Amelân - Foto: Omrop Fryslân, Ronald van der Pol

Neffens boargemaster Gerard van Klaveren wienen de reaksjes ûnderkuolle, mar ynhâldlik en goed. Foar de eilanners is it tichtslykjen fan de fargeul al jierren in drama, wêrtroch't boaten te let oankomme of fêstrinne. De nije maatregels moatte dêr ferbettering yn bringe.

Boargemaster Gerard van Klaveren

Wichtichste ûnderdiel fan de plannen, dy't bedoeld binne foar de koarte termyn, is it ôfsnijen fan in tal bochten yn de geul. It wurk oan de geul moat takom jier al begjinne. Foar de lange termyn, nei 2030, wurdt sjoen nei mear strukturele oplossings mei bygelyks oar soartich ferfier, dat no noch futuristysk is, seit Van Klaveren.

(advertinsje)
(advertinsje)