Oanjefte nei lawaaiprotest fan Prikkedaam yn Makkingea

In lawaaiprotest fan sympatisanten fan motorsportferiening De Prikkedaam yn Makkingea hat neffens wethâlder Marcel Bos laat ta in oanjefte by de plysje. Bos wit de ynhâld fan de oanjefte net en it is, sa seit er, oan it Iepenbier Ministearje om te bepalen oft der ferfolgingen komme.
© ANP
De Prikkedaam yn Makkingea moast slute, nei't de gemeente Eaststellingwerf twangsommen oplein hie. Dat resultearre op 26 augustus ta in lawaaiprotest op de Bercoperwei, foar it hûs fan minsken dy't kleie oer it lûd dat fan it krossterrein komt. Dat protest wie neffens wethâlder Bos gjin koördinearre aksje, mar it wurk fan yndividuën. De motorklup hie sels besletten op te hâlden mei de trainingen, nei ferskate twangsommen fan de gemeente.
Yn totaal hat de gemeente 8.000 euro oan boeten oplein oan de motorklup, om't dy troch de tastiene lûdsnoarmen gean soenen. It totale bedrach oan twangsommen dat de gemeente oplizze kin, is op syn meast 10.000 euro. Riedslid Ignas Minnema fan D66 woe witte wat dêrnei eventueel bart. Neffens wethâlder Bos kin it kolleezje dan beslute oft der nije maatregels komme moatte. It leit neffens him dan foar de hân om hegere twangsommen op te lizzen.
D66 frege ek wat it kolleezje docht om fierdere eskalaasje foar te kommen. Bos sei dat der oerlis is mei alle belutsenen en mei de plysje. De hiele sitewaasje wurdt neffens him goed yn de gaten holden.