Kommissaris Brok: Gjin terrorismedriging by Fryske wynmûneprojekten

11 sep 2018 - 22:21

Neffens kommissaris fan de Kening Arno Brok is der by de Fryske wynmûneprojekten gjin sprake fan terreurdriging. Hy reagearret dêrmei op in opmerking fan de Nationaal Coördinator Terrorismebestrijding en Veiligheid. Dy makke earder melding fan "mooglik ekstremisme en radikalisearring" by tsjinstanners fan wynparken.

Foto: Omrop Fryslân

Yn Fryslân is dêr dus gjin sprake fan, al rinne ek hjir de emoasjes soms heech op. By gearkomsten oer it park Nij Hiddum-Houw bygelyks, lieten minsken ek emosjoneel en yn dúdlike taal witte, dat se neat fan de plannen ha moasten. Mar, sa seit de kommissaris, "dat is fan in hiel oare oarder. Mei terreurdriging hat soks neat te krijen."

Moat dit no sa mâl?

Arno Brok, kommissaris fan de Kening

As yn dit soarte diskusjes de emoasjes heech oprinne, besiket kommissaris Brok mei dy minsken yn petear te kommen en de spanning der út te heljen. "Dan sis ik: 'Moat dit no sa mâl?' Meastentiids kin it dan wol aardich delbêde wurde. Dat is yn de Nij Hiddum-Houw petearen ek wol bard", fertelt Brok.

Arno Brok: Gjin terrorismedriging wynmûneparken

Brok wie earder as ambassadeur belutsen by Veilige Publike Taak. Dat is in projekt fan it ministearje fan Binnenlânske Saken, dat opkomt foar minsken dy't yn it publike domein feilich har wurk dwaan moatte kinne. Dat kin dan gean om politisy en bestjoerders, mar ek ambulânsepersoniel.

Trefwurden: 
Arno Brok wynmûneparken
(advertinsje)
(advertinsje)