Achtkarspelen siket in 'foarútstribjende en ynformele' boargemaster

11 sep 2018 - 21:17

Achtkarspelen siket in 'foarútstribjende en ynformele' boargemaster, dy't boppedat in belutsen persoanlikheid hat en stevich yn de skuon stiet. Dat stiet yn de profylskets, dy't tiisdei by in riedsgearkomste útrikt is oan Arno Brok, kommissaris fan de Kening.

Dy nije boargemaster wurdt de opfolger fan Gerben Gerbrandy. Dy hâldt takom jannewaris op. Dan hat er presys seis jier boargemaster fan Achtkarspelen west. It is de bedoeling dat de nije boargemaster yn febrewaris offisjeel begjint.

Meiprate

De ynwenners en meiwurkers fan de gemeente koenen harren miening jaan oer hoe't de nije boargemaster wêze moat. De útkomsten fan in fragelist binne ferwurke yn de profylskets. Yn novimber binne de earste sollisitaasjepetearen.

Foto: Gemeente Achtkarspelen

Achtkarspelen wol in boargemaster dy't sosjaal, sichtber en tagonklik is. Ek giet de foarkar fan de gemeente út nei in boargemaster dy't op syn minst de Fryske taal ferstiet.

Gerben Gerbrandy hâldt op 14 jannewaris 2019 op as boargemaster fan Achtkarspelen. Hy wie fan doel om mei pensjoen te gean, mar stelt him no kandidaat as Earste Keamerlid. "Hjir hie ik net op rekkene", sei er. "Ik waard belle troch de FNP. De partij hie oan de leden frege oft se ek kandidaten wisten, en blykber bin ik neamd. Dat is wol hiel aardich. Mar dat wol noch net sizze dat it al klear is. It is noch in hiele lange wei."

Trefwurden: 
boargemaster Achtkarspelen
(advertinsje)