Arno Brok sneon mei klassike muzyk op Radio 4

Kommissaris fan de Kening Arno Brok sil takom sneon, 15 septimber, in programma presintearje mei klassike muzyk op NPO Radio 4. It giet om it programma 'Een goedemorgen met...', dat alle wiken tusken 10 en 12 oere útstjoerd wurdt.
Arno Brok © Omrop Fryslân
De útnûging foar it programma hat te krijen mei Kulturele Haadstêd, mar de kommissaris is folslein frij om syn persoanlike kar hearre te litten.
Arno Brok mei klassike muzyk op Radio 4
Dêr sit dan muzyk tusken fan Sergej Rachmaninov, Gustav Mahler en Franz Schubert, mar ek in liet fan Fedde Schurer en in komposysje fan de Fryske komponist Paulus Folkertsma. "Allegearre stikken dy't moai en yntym binne en passe by myn karakterstruktuer", neffens de kommissaris.