Eask: wurkstraffen foar meiwurkers himpkwekerijen yn 'e Stellingwerven

11 sep 2018 - 20:06

It Iepenbier Ministearje hat tiisdei wurkstraffen fan 80 oant 150 oeren easke tsjin trije manlju dy't meiwurken oan himpkwekerijen yn Wolvegea en Easterwâlde. Dy kwekerijen wiene ûnder mear ûnderbrocht yn twa frachtweinen.

De rjochtseal yn Ljouwert - Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

De trije fertochten binne in 36-jierrige Snitser, in 51-jierrige ynwenner fan De Jouwer en in 61-jierrige man út Hoarnstersweach. Sy hawwe bygelyks stroom oanlein en oare wurksumheden ferrjochte by in wytplantaazje, dy't ûnderbrocht wie yn Easterwâlde.

De plysje krige de kwekerijen oan de ein fan 2015 yn it fizier. In pear moannen letter troffen aginten yn in loads yn Wolvegea in wytplantaazje oan yn in frachtwein dy't dêr stie. Yn in oar gebou waard noch in himpkwekerij yn oanbou oantroffen; yn in loads oan Ploeggang stie in kwekerij mei mear as 300 planten.

Foar syn frou

De 51-jierrige Jouster wurke mei oan de himpkwekerijen om't him in tal planten tasein wie. Dêrfan woe er sop meitsje, om de pine fan de sykte fan syn frou te bestriden.

De rjochtbank docht oer twa wiken útspraak.

(advertinsje)
(advertinsje)