Stichting foar histoarje Harns freget Twadde Keamer om pilot foar 'feilige sâltwinning'

11 sep 2018 - 19:34

De stichting Bescherming Historisch Harlingen lûkt woansdei yn de Twadde Keamer oan de belle as it giet om de sâltwinning ûnder de Waadsee. De monumintale binnenstêd fan Harns, mei mear as 500 (Ryks-)monuminten, kin dêrtroch yn grutte problemen komme, sa tinkt de stichting.

De stichting wol dêrom - lykas de gemeente Harns - garânsjes foar de monumintale binnenstêd. It sâltwinnen moat mei de hân oan de kraan en dy moat gelyk tichtdraaid wurde kinne, as der skea ûntstiet. De minister moat dêrop tasjen en dêr in (pro-)aktive rol yn spylje. Ek moatte der yn 't foar hurde ôfspraken makke wurde oer it fergoedzjen fan skea, as dy dochs ûntstiet.

De stichting wol fan de sâltwinning ûnder de Waadsee by Harns in pilot meitsje wêrby't net jildfertsjinjen, mar de feiligens foarop stiet.

It monumint fan De Jong yn de Noorderhaven stiet yn de steigers - Foto: Omrop Fryslân

Njonken de Stichting Berscherming Historisch Harlingen komt ek direkteur Durk van Tuinen fan sâltfabryk Frisia oan it wurd. Frisia en de stichting Bescherming Historisch Harlingen hawwe geregeld kontakt. Sa is der oerlis oer it plan om yn in pear monuminten yn Harns in saneamde nulmjitting út te fieren.

Ek wurdt der praat oer it pleatsen fan apparatuer dy't warskôget as der trillings optrede yn de ûndergrûn.

De fêste keamerkommisje fan Ekonomyske Saken yn de Twadde Keamer hâldt woansdei in harksit oer sâltwinning yn Nederlân. Njonken Fryslân wurdt der ek sâlt wûn yn Grinslân en Twinte. Boaiemsakjen as gefolch fan sâltwinning is faak stadichoan en ridlik foarspelber, mar der kinne neffens saakkundigen ek problemen ûntstean as in saneamde caverne - in romte yn de boaiem dêr't it sâlt úthelle wurdt - letter ynstoart.

De politike partijen yn de Twadde Keamer wolle besykje om oer sâltwinning bettere ôfspraken te meitsjen om problemen, lykas by de gaswinning yn Grinslân, foar te kommen.

Harkje nei ouwe seunen Henk Oswald en Henk de Jong

De achterban fan de stichting Bescherming Historisch Harlingen is der goed oer te sprekken dat de saak no op 'e politike aginda stiet. "We late nyt over ôns heen lope", seit de striidbere âld-ûndernimmer Henk Oswald fan de Sâltsleat. "De stêd is sa moai opknapt. Dat mei net yn gefaar komme troch sâltwinning."

It ynterieur fan it monumint oan de Sâltsleat fan de famylje Oswald - Foto: Omrop Fryslân

Henk de Jong fan de Noorderhaven wiist op de kwetsberens fan guon monuminten. Gebouwen út de 18de en 17de iuw hawwe faak mar in hiel beheind fûnemint. "Gevaar in de vorm van trillingen kan deze binnenstad niet gebruiken", seit De Jong.

(advertinsje)