Minister stapt nei rjochter om plysjestaking

11 sep 2018 - 19:25

Minister Ferd Grapperhaus fan Justysje en Feilichheid stapt nei de rjochter om de plysje-aksjes dy't foar dit wykein oankundige binne, ôfswakje te litten. Dat hat it ministearje witte litten. Neffens Grapperhaus soargje de aksjes foar 'onacceptabele risico's voor de openbare orde en veiligheid'.

Foto: ANP

De bûnen litte witte dat se net yngean op it fersyk. "We sitte net fier by elkoar wei", seit Anne Louwsma, dy't ek lid is fan it plysjebûn. "Beide geane wy foar de boarger. Mar mei de line dy't no ynset is, moat de plysje him weromlûke út de wiken."

Anne Louwsma fan it plysjefakbûn

Allinnich as er foar it wykein in cao-akkoart komt of dat de rjochter de aksjes ferbiedt, geane de plannen fan de bûnen net troch. "As de rjochter seit dat der earst mear praat wurde moat, dan fine wy dat prima. Wy sitte ek net te wachtsjen op in konflikt."

De aksjes hâlde yn dat de plysjeburo's fan freedtemiddei ôf ticht binne. "De boargemaster kin op ús net rekkenje. Allinnich as it finaal út de hân rint, dan kin er belje."

Trefwurden: 
CAO plysjestaking
(advertinsje)