Piet Paulusma: "Ik knap alwer aardich op"

11 sep 2018 - 18:15

Waarman Piet Paulusma seit dat er alwer aardich opknapt is. Ferline wike freed moast er nei it sikehûs foar in ferfolchoperaasje, nei't er begjin augustus opnommen waard fanwege in akute blokkade yn de dikke term.

Foto: Omrop Fryslân

Salang't Paulusma út de running is, ferfangt syn dochter Martsje him op telefyzje.

Yn in persoanlike reaksje fertelt Piet hoe't it mei him giet:

"It is tiid om wer even wat fan my hearre te litten. Freed bin ik operearre en ik knap no al aardich op. Ik hoopje gau nei hûs te meien. Ik wol no ek wer elkenien betankje foar de waarme reaksjes. Dat Martsje it sa goed docht, fyn ik hiel moai. Ik winskje har ek noch in protte sukses."

(advertinsje)