Proef yn Vegelinsoard om fjildmûzen te bestriden
Yn in polder by Vegelinsoard wurdt dizze wike in proef dien mei it bestriden fan fjildmûzen. Dat bart yn opdracht fan de provinsje, Wetterskip Fryslân en lânbou-organisaasje LTO Noord. Sy ha draaiboeken ûntwikkelje litten foar as der wer in mûzepleach driget.
Fjouwer jier lyn hiene nochal wat boeren lêst fan fjildmûzen dy't har gerslân ferrinnewearren. Ferline wike waard sjoen dat de mûzen wer mear aktyf wurde. Dêrom wurdt de proef no dien. Dêrfoar wurdt ûnder oare it lân ûnder wetter set, om de mûzen te fersûpen.