Nij soarchsintrum Parkhoven iepene yn Ljouwert

Yn Ljouwert is tiisdeitemiddei it nije soarchsintrum Parkhoven iepene. It is boud op it plak fan de âlde fêstiging, yn de wyk Achter de Hoven. De nije lokaasje hat plak foar 54 minsken mei demintens en/of in lichaamlike beheining. Dêrneist hat it sintrum noch 12 tydlike plakken en in deisintrum.
© Parkhoven
Neffens manager Erica Bloembergen fan Parkhoven is de nije fêstiging oars fan opset. "Het allerbelangrijkste verschil is dat we van grootschalig naar kleinschalig zijn gegaan. Het oude Parkhoven telde zo'n 120 cliënten, nu hebben we er nog 66."
Manager Erica Bloembergen fan Parkhoven

Domotika

Yn it nije sintrum wurdt gebrûk makke fan saneamde domotika-techniken, oftewol de yntegraasje fan techniken en tsjinsten yn in wenning. Bloembergen: "De domotica-techniek die wij hier gebruiken, is dat bewoners een polsband krijgen die is ingesteld met leefcirkels. Ze kunnen vrij bewegen door het gebouw op een veilige manier. Op plekken waar het minder veilig is voor de bewoners, betekent het dat een deur niet opengaat. Men wordt op een andere manier door het gebouw geleid. Dit is met name voor onze dementerende bewoners."
It gebou is fierders enerzjysunich en grien en der is in soad oandacht jûn oan de binnentunen.