10.000 euro boete foar festival Psy-Fi fanwege tinten op ferkearde plakken

11 sep 2018 - 15:48

De provinsje Fryslân leit de organisaasje fan it festival Psy-Fi in twangsom fan 10.000 euro op. By it festival fan dizze simmer yn de Ljouwerter Griene Stjer stiene mear as tûzen tinten fan besikers op plakken dêr't it net mocht.

Psy-Fi festival - Foto: Omrop Fryslân

Dêrby gie om plakken dy't ûnder it Natura2000-gebiet De Grutte Wielen falle. Ofpraat wie dat dêr fanwege skea oan de natoer net kampearre wurde soe. Deputearre Sander de Rouwe: "De organisaasje sei: we kinne net oars, se steane der al. Mar dat is foar ús gjin reden om de natoer oantaaste te litten. It giet om in kwetsber natoergebiet, mei bisten en planten dy't de romte krije moatte."

Deputearre Sander de Rouwe oer de twangsom

De festivalorganisaasje sei dat der oars net genôch plak wie, mar dat hat de rjochter as net-ûntfanklik ferklearre. "As je dan dochs in oertrêding begeane, dogge we it net mei in warskôging ôf."

Sjoen it grutte tal tinten dêr't it om gie, seach de organisaasje gjin kâns om dy noch wilens it festival te ferpleatsen.

Trefwurden: 
Griene Stjer provinsje Psy-Fi
(advertinsje)