Fryske bern geane faak út harsels nei bûten ta

11 sep 2018 - 15:41

Hast de helte fan de Fryske bern giet meastal út himsels nei bûten ta om te boartsjen. Dat leit fier boppe it lanlik gemiddelde fan ien op de trije bern. Dat docht bliken út ûndersyk fan Jantje Beton.

Hinkelje - Foto: Shutterstock.com

Simmerdeis geane heiten en memmen faak mei de bern mei nei bûten, neffens it ûndersyk. Alden binne har hieltiten mear bewust fan it belang fan bûten boartsjen.

In soad heiten en memmen stjoere de bern geregeld nei bûten. Dat dogge se troch in limyt yn te stellen foar telefyzje sjen of op de telefoan of tablet te sitten.

Neffens saakkundigen is bûten boartsjen hiel belangryk foar de ûntwikkeling fan bern. Se leare sels kontakten te lizzen, op har beurt te wachtsjen, en om problemen op te lossen.

(advertinsje)