Jonge Ljouwerter Wytse Dijkstra útkeazen foar oplieding 'wrâldferbetterer'

11 sep 2018 - 15:12

Wytse Dijkstra út Ljouwert is as jong talint útkeazen foar de BKB Academie. Alle jierren krijt in groep fan 25 jonge minsken in oplieding 'hânfetten om de wrâld te ferbetterjen'. BKB is in buro yn Amsterdam dat kampanjes makket oer maatskiplike ûnderwerpen.

Foto: Marion de Weerd

In soad dielnimmers komme út de politike hoeke, mar net allegearre. Wytse Dijkstra út Ljouwert is mear in kreativeling. Hy hat Minerva Akademy dien en is yn 2017 ôfstudearre mei in eigen festival: Radslag. Dêr brocht er muzikanten, festivalbazen en beliedsmakkers mear bymekoar. No is er zzp'er foar ferskate projekten fan Ljouwert-Fryslân 2018, projektlieder by poadium Asteriks, mei projekten als de Stadsoase, PEEN en Creative Embassies en drumt er yn bands.

It buro BKB begûn yn 2000 mei lessen yn kampanjefieren, benammen rjochte op de polityk. No't de belangstelling foar polityk ôfnimt by jongere minsken, rjochtet it buro him ek op (sosjaal) aktivisme.

(advertinsje)