Ljouwerter stel moat 2,5 miljoen euro werombetelje yn wytwasksaak Arville

11 sep 2018 - 14:39

It feroardiele Ljouwerter pear yn de saak Arville hat in betellingsferplichting oplein krigen fan yn totaal 2,5 miljoen euro. Dat hat de rjochtbank Noard-Nederlân tiisdei oardiele. It Iepenbier Ministearje woe 15 miljoen euro ferhelje op de man en frou, dat bedrach is ek fêststeld troch de Noordelijke Fraudekamer, mar der wie al foar goed 13 miljoen euro oan guod fan it stel ôfnaam. Fan de 2,5 miljoen euro komt 1,9 miljoen foar rekken fan de 52-jierrige Ljouwerter. Syn 55-jierrige frou moat 600.000 euro betelje.

Rjochter - Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

De man waard ferline jier feroardiele ta 12 jier selstraf. Hy waard beskuldige fan it wytwaskjen fan jild, hannel yn drugs en wapenbesit. Syn frou krige twa jier sel. It stel waard yn maaie 2014 oanholden en der waarden doe al foar miljoenen euro's yn beslach nommen. Se wennen yn in lúkse filla yn Ljouwert en foelen op by de ynstânsjes troch harren bûtengewoane libbensstyl.

Dochter

Ek de 28-jierrige dochter fan it pear wie yn dizze saak belutsen. Sy hie goed in ton fertsjinne op yllegale wize. Se krige gjin straf oplein, mar der waard wol in betellingsregeling mei har troffen. In 38-jierrige man út Ljouwert, dy't as de rjochterhân fan de Ljouwerter sjoen waard, krige 15 moannen ûnder betingst.

De saak Arville is it grutste ôfpakresultaat yn in wytwasksaak yn Noard-Nederlân oant no ta. By plysjeynfallen yn trije plakken, Ljouwert, Assen en Gasteren, waard yn maaie 2014 in bedrach fan 4,4 miljoen euro cash yn beslach naam. Fierders waard beslach lein op in wenning, in loads, auto's en lúkseguod as klean en juwielen. De partij kokaïne dêr't de man goed 9 miljoen euro foar betelle, waard ek ynnommen en ferneatige.

By de bestriding fan de wytwaskkriminaliteit is it it doel fan plysje en justysje om safolle mooglik besit fan kriminelen ôf te pakken.

(advertinsje)