Snakeware iepenet fêstiging yn Grins

11 sep 2018 - 12:49

ICT-bedriuw Snakeware fan Snits iepenet ek in fêstiging yn de stêd Grins. Doel is om sa makliker ICT-talinten oan it bedriuw te binen. It oanbod yn Fryslân is dêr te lyts foar.

Petear mei Ate van der Meer Snakeware-Grins

Earder iepene Snakeware al in fêstiging yn Amsterdam, dêr't krekt as yn Grins, seis minsken wurkje. Direkteur Ate van der Meer slút net út dat letter ek noch nei mooglikheden yn oare studintestêden sjoen wurdt. Mei 45 man hat it bedriuw syn haadfêstiging yn Snits en dat bliuwt ek sa.

(advertinsje)