De moanne fan de reanimaasje hat in protte resultaat opsmiten foar de gemeente Harns. In spesjale kampanje hat derfoar soarge dat der 160 frijwilligers bykaam binne, dy't in AED betsjinje kinne. It totaal oantal frijwilligers komt dêrmei út op 420. Ynwenners fan de gemeente koene de AED-kursus, dy't gewoanwei 35 euro kostet, fergees folgje. De gemeente Harns hat dêrfoar soarge.
Het streven van twee procent aan AED-vrijwilligers hebben we gehaald, maar we blijven werven.
Wethâlder Hein Kuiken fan de gemeente Harns
Neffens wethâlder Hein Kuiken, dy't sels ek in AED-kursus folge hat, is it tige wichtich om genôch frijwilligers te hawwen. De oerlibbingskâns foar minsken dy't in hertstilstân krije, nimt dêrtroch ta. "Het streven is, om ervoor te zorgen dat twee procent van de bevolking een AED kan gebruiken", seit Kuiken. "Met de 160 nieuwe vrijwilligers zitten we er ruim boven, maar we blijven werven."
Njonken it tal frijwilligers is it ek fan belang dat der genôch AED-apparaten yn de buert binne en dêr is yn de gemeente Harns ek hurd oan wurke. Ferline jier wiene der neffens Kuiken noch 20 AED's, mar dat oantal is tanaam nei 31.
Ik vond het belangrijk dat er een AED buiten kwam, zodat iedereen erbij kan.
Sekretaresse Mirte van Vliet fan boubedriuw Jelle Bruinsma yn Harns
By boubedriuw Jelle Bruinsma op de Industrieweg yn Harns hinget sûnt ferline wike ek in AED, op de bûtenmuorre. Dêr hat sekretaresse Mirte van Vliet foar soarge. "Veel bedrijven hebben de AED binnen, maar ik vond het belangrijk dat er één buiten kwam, zodat iedereen erbij kan." Van Vliet hat yn it ferline har styfheit ferlern oan in hertoanfal. "Waarschijnlijk hadden ze hem wel kunnen redden als er een AED geweest was."
Direkteur Jelle Bruinsma is bliid mei de komst fan de AED. "Wy sitte hjir ticht tsjin de wenwyk oan en it is belangryk dat de minsken no witte dat hjir in AED oan de muorre hinget."