Marit Bouwmeester op alfde plak by testevenemint

11 sep 2018 - 12:09

Sylster Marit Bouwmeester stiet nei de earste dei fan it Olympyske testevenemint en tagelyk wrâldbeker op it alfde plak. De Laser Radial-sylster gie yn Enoshima yn Japan wikseljend fan start. Yn har earste race fan de dei einige se as twadde, mar yn har twadde race makke se wat foutsjes. Dêrtroch kaam se as 23e oer de finish.

Foto: Sailing Energy / World Sailing

"Ik ha twa lytse fouten makke, dy't spitigernôch tige hurd ôfstraft waarden. Dat hat in soad punten koste, mar tagelyk ha we ek in soad leard oer de wynrjochting op dizze baan. Moarn farre we noch op deselde baan mei in fergelykbere wyn. Dan kinne we fuortdaliks sjen litte wat we leard ha!"

Trefwurden: 
Marit Bouwmeester silen
(advertinsje)